2019/2020
Sûnt eind Maaie binne wy al wer dwaande mei de tariedingen foar it nije stik dat as namme
krigen hat 'It deiboek fan Tinus Teckel'
Tinus hat syn dream wiermakke, einliks hat hy syn bistepraktyk wêr hy sa lang foar oan it sparjen west hat.
En no kaam sa yniens, foar net te folle jild, de bistepraktyk fan Knelis Utenbroek, yn it moaie en rêstiche doarpke Sânbulten, frij.
Wat wolle jo noch mear? Mar is it wol sa moai as it liket?
Al gau komt Tinus derefter dat it wol ris oar sitte kin.
Hy moete namlik Hans Grootjans, Hans is de postboade oftewol 'de gleuvegnúver' fan it doarp.
Mar hy is mear as dat. Hy makket, as service, de post fan elkenien iepen. En wit dêrom alles fan eltsenien!
Tinus komt der mei de earste klant al efter dat... dat der wat net kloppet.
Se komme namlik ek mei lichamlike klachten by him. Mar... dêr wit er neat fan..
Tinus murke it al by it besyk fan Gezienus dat it net allegear kloppet. Gezienus syn hingst wol net mear steigerje, fynt de merje net oantreklik en wol der mar net foar.
Mar dizze klachten binne hiel earne oars op bassearre. Hoe moat Tinus him hjir útrêde?
Wannear komme sy foar bisteproblemen en wannear foar harren eigen?
Mar dit binne net de ienichste problemen.. Tinus syn twalingsuster Lamkje is him op it spoar kaam.
Sy fertinkt him derfan dat hy it famylje kapitaal en dus ek wat har takomt, ferkwansele hat oan it keapjen fan dizze toko.
Lokkich leit de oplossing tichtby, want de hingst fan Gezienus wol wol steigerje by sa 'n mans frommis as Lamkje.
Soe dit dan de oplossing wêze?
In oplossing is der net foar de ivich klaagjende Coba Katersberg. Mar der binne ek noch gjin medisinen hokker helpe tsjin in seursek.
Mar wat helpt hjir wol yn sa 'n plak as Sânbulten?
Op 12 en 19 oktober kinne jo de foarstellingen sjen yn
Jobbegea yn Kafee de Âlde Slús.