Return to Sender
Rinus en Janke komme teloarstelle werom yn harren hûs. Se soenen it wykein
trouwe yn Las Vegas troch in “echte” Elvis pryster.
Dernei soenen se op houliksreis nei Memphis ta foar in Elvis dei.
Mar alles is letterlik en
figuerlik de mist yn gong. Se kinne net fleane omdat der te folle mist yn 'e
loft hinget. Mar der hinget mear yn 'e loft...........
Bij weromkomst
komme se der by tafal efter dat se de ferkearde koffers by harren ha. As se de
koffers oan de kant sette sille falt der ien iepen en.....it sit grôtfol jild.
Krekt op dat momint stiet Pete, de baas fan Rinus foar de doar.
Hy hat in blind-date en soe dermei dit wykein yn it hûs fan
Rinus en Janke omdat sy dochs nei Memphis soenen.
Dit rint dus hielendal yn de war, seker as syn
frou der ek noch efter komt wat Pete syn plannen binne.
Ek tante Sijke wol noch del komme om har houliks kado te bringen, sy sit goed yn de slappe wask dus soe it Rinus en Janke wol goed út komme.
Alinne NO NET ! Sy sitte mei twa koffers mei swart jild wat net fan harren is en as de rjochtmjittiche eigner in Russyske mafiabaas blykt te wezen dan is jo libben net feilich.
Mar de grutste misdiediger yn dit stik kin wolris Piet wurde.
De pratende papegaai hokker alles heard en net ferjit.
En net in blêd foar syn snavel nimt.