Lit mar hingje
It rint sa a sit rint, ek al rint it út de hân.
Sa giet it al jierren met it kafee: De Rustende Jager fan oene en Anneke.
It giet harren net foar de wyn. It kafee begjint in âld stofnest te wurden en hat net in soad oanrin mear.
De ienige klant dy't se noch hawwe wurde se net ryk fan.
Lolle fynt bier dat hy om 'e nocht kriget fierwei it lekkertste en hy hat
dan ek noch nea in reade sint betelle.
Mar ja, fan in kale hin kinne jo ek net plukke fansels!
Oene lit de moedfearen dan ek al hingje.
Doch komt der gâns wat flecht op 'e koai. Earst komt der in famke
dy't in keamerke hiere wol. Op it earste gesicht soenen jo sizze:
Hjir bestiet yn 'e hiele wrâld gjin twadde fan, sa nuver en sa ûnoazel, mar wat kinne jo jo dochs in minksen fersinne want sy blykt ek noch sa'n suske te hawwen. Jo hawwe it noch nea sa frjemd sjoen. Apen kinne jo fan alles wol leare, mar dizze beide?? It wurd noch healwizer as der in wat útdagend frommiske oer de flier komt, sy blykt fertsjinwurdigster te wezen fan de unisex masine. De unisex is spesjaal op 'e merke brocht foar manlju, sadat dizzen de froulju it wurk út hânnen nimme kinne.
De reak komt Oene en Lolle út de earen as se dit hearre.
Tsja dizze beide skiepen steanne els ek al jierren te fretten fan it selde stikje lân.
Dit lied fansels ta unmooglike situaasje, dat kinne jo wol begrype. Dat ynienen stiet skoanmem nei 10 jier wer op 'e stoepe, se blykt in bêst bekstik te wézen, dy't grutte heibel yn it kafee makket.
Sa easket op koarte termyn fiiftûzend euro werom foar in saneamde houliksreis mei har Frânsman, dit is in stumperd dy't folslein by har ûnder plak sit.
Mei de help fan linke Leo (in echte hús, tún en keukenkrimineel) besykje
se skoanmem der ûnder te krijen mar dat slagget foart net. Drank, slieppillen, laksearmiddel, rolmopsen, neat skynt tsjin har te wurken. Se moatte dan ek foarsichtich te wurk gean omdat plysje Walter Hibma regelmjittich binnen rint, al hawwe se foar dy knoffelkont net sa folle te freezjen.
Dochs binne se oan it ein fan de rit dy âld fekke te snoat ôf
mar hoe...??