Klinyk in opskuor
Herke Wigemans, direkteur fan in kreamklinyk libbet al twa jier tegearre mei syn jeuchlike mar O sa gleone freondinne Swantina.
Sy nimt it net sa krekt mei de trou en bedraacht him oanienwei.
As sy de fersekeringsman ferliede wol, wurdt dat ûntdutsen, troch suster Welmoed, en omdat dy sels in eachje hat op de dokter briefket se alles mar graach wat oer.
It rint hast op bargebiten út, mar mei muoite slagget it Swantina om dokter fan har ûnskuld te oersjûgjen.
It jout grutte argwaasje as Swantina de hast altyd dronken broer fan dokter Herke yn 'e hûs hellet.
Jo sille sa 'n leafhawwer fan'e flesse mar oer de flier ha.
Dan krijde se besite fan in eksentrike miljonere dy't letter de nije eigenaresse blykt te wêzen, en sy sil fiif ton beskikber stelle foar de restauraasje fan de klinyk, of.....?
In tafallige ynslûpster dy't ferlet hat fan iten, komt it ien en oar oer de mannenslynstr Swantine oer de weet, en as dokter in pear dagen nei in kongres giet gebjint it dûbbelspul pas goed.
Us sûplap spilet dêrby de haadrol, en hoe kloek as hij ek holpen wurd troch de ynslúpster, no,no!!!
De relaasjes rinne bytiden sa healwiis troch ynoar dat de stikken der letterlik en figuerlik ôfspatte.
En wêr it ta it eintsje beslút op ûtdraaid....... Wa sil it sizze?
It wurdt fansels in tizeboel wêrby de measten oan it koarste ein lûke.
Mar it wurdt fansels ek wer laitsjes, en dat wolle we dochs graach.