Jan Jippes en de Kurkewippers
Jo sille mar jierrenlang it staasjejild fan de flessen opsparre ha om fan jo dream werklikhyd te meitsjen.
Want se sizze net foar neat: Dêr't it hert fol fan is.......
En dat is Jan syn hert sekers. Syn fiskersbloed krûpt by him wêr it net gean kin.
En fan it jild wat hy opsparre hat, hat hy in fiskwykein boekt
op in moai bunglowpark. Mei in fiskfiiver en in stiger dêr't jo de kâlde rillings fan krije.
Mar Jan moast dy beide bakfisken fan thús (syn frou gryt en swager Feike) wol mei nimme.
Hie hy dat mar net dien.. De fisken bliuwe ûnderwetter salang die twa healen op 'e wal om rinne.
Mar mei de oaren op it park hat hy it ek net troffen. De buorren binne ien en al kâlde kak.
Hoewol de buorman efkes liket te ûntaaien, hat hy it ûteins dochs efter
de earmtakken.
En dan de oare fakânsje fierders. Brek him de bek net iepen....
In groep senyle bejaarden kinst better sizze. Jan is er kompleet mei ferlegen.
Al mei al.. it fiskjen wurdt neat. It fangen wurdt neat. It hiele wykein wurdt neat!
De wjirms fersûpe súver oan de heak.
Mar..... it is wol ien en al wille!!!