Toanielselskip Fleurich Fierder
  • Home
  • Toaniel history
  • Bestjoer
  • Foto album
  • Aginda
  • Kontakt

Hyt ûnder de Fuotten.

Foto
Jo nimme in cruise skip , neame it de Fleurige Flipper en sette
der twa fleurige helpen op sa as John en Dick .
Derby sette jo alderlei frjemde gasten op it skip en jo ha in
hilarysk ferhaal. Wat as in earsterangs boer ( Bokke ) mei syn
simpele soan ( Gaatse ) yn de kunde komme mei in wat apart
frommis ( Tryn ) dy’t harren seit wer it op stiet , stiet by de mannen it hier rjochtop yn 'e
nekke.
Mar as soks no komt fan lilkens as fan wat oars……wa sil it sizze ?

Wat soe der barre as der in jong steltsje mei harren beide oan boat komme ,
teminsten dat
tinke se. Sawol Gerjan , profesjoneel seurpiet, as syn freondin Ankie krije ûnferwachts
besite
fan in famyljelid hokker se leaver net op dizze reis tsjinkaam wienen.
Mar ek Mirjam ,
de ex fan , bringt in protte leven op de Fleurige Flipper .
Om it spul hielendal klear te meitsje sette jo der ek noch in hiele nuver fûgel op , dy se de
hiele reis fleanen sjocht. No dan krije jo in stik hokker Suver Nuver
is.



Aangestuurd door Maak uw eigen unieke website met aanpasbare sjablonen.