Herrie op de Prairie..
Sjitterijen, bedriegingen, ôfparsingen, it binne allegear igenskappen fan in western sa as jo dat op’e tillefizje sjuche. Inderdaad, op’e telefyzje… Yn it echt giet it er fansels net sa oan ta… Jaa, der wurdt wol ris skeaten, en der wurdt ek wol ris ien ûntfierd, mar de knullige cowboys litte se faak bûten de skermen…
Ik lit jim graach ris sjen hoe’t it der no echt oan ta giet. Nim no bygelyks myn kameraad Bob. Hy hat in Saloon, in saak dy’t hiel lang poer bêst rûn hat, mar de lêste tiid ferdampt de whiskey earder út ’e flesse dan dat it by de minsken troch de kiel glied.. De ienichste dy hjir noch oer de flier komt, dat bin ik.. Ja en fansels ús Herrie…. Mar dy sloopt hjir mear dan dat hy betellet… Ien gelok, der is hjir de lêste tiid wat jild yn omrin.
Earlik jild is it net hielendal, it is nammenlik stellen by de bank hjir om ’e hoeke, mar dêr meitsje sy hjir net sa’n heibel om… Ien probleem is wol, nimmen wit wêr't it is.. Al ha ik wol in fermoeden wa’t er wat mei te krijen hat.. Mar dêr ha wy it noch wol ris oer..
Ien ding stiet fêst, no dat der wer in nije sheriff yn oantocht is, sil der wer wat aksje yn dit stedzje komme! Hopelik hat dizze fint wol wat mear yn ’e bonken as dy foarige…
Cliff