Heibel op Galama-Stins
Gastfrou Tine hat neffens eigen tinken har libben aardich yn'e hân. Se hat in goedrinnend bungalowpark, dat yn in moaie, bosryke omjouwing leit en op it grûngebied fan de eardere Galama-Stins.
Tine hat mar ien swierichhyd en dat is dat har ober siik is.
Lokkich komt Oene om syn sike broer te ferfangen, mar of jo der no lokkich mei wêze moatte?!
De brike situaasjes dy't harren foar dogge, as de earste klanten der komme, sille de fleur der by it publiek wol ynbringe.
Hoe sil Oene him rêde mei in trouwt frommiske, dy't de hiele tiid fierste loftich klaaid is. Of as Frans en Japke mei de klompen yn 't spul komme.
Die ha lykwols hiel wat oars yn 't sin as noflik fakânsje hâlde.
Mar eins draait it hiele ferhaal om in Graaf en Gravine, dy't yn it bungalowpark op visite komme.
Mar.... dan moatte jo wol witte wa it binne......
Oene lult him er wol út.
Wolle jimme witte wat Oene allegeare belult, dan sille jimme dochs sels komme moatte. Want leau ús mar, it wurdt ien grutte ligery yn elkoar om, dus it wurdt wer laitsjen en dat wolle wy dochs graach.