Gefaarlike oergong
Afke hat lêst fan alle ûngeduerigens dy't de oergong meibringe kin.
Har man hat net folle each mear foar har. Hy hat as ôflieding foar har in boetyk
kocht, dy't se mei nocht driuwt. Boppe de boetyk wennet in âldere feint, dy't
krekt wer in nije freon oantúgd hat, mar de learlinge, Trynke, fynt dat hy har
better as freondinne hawwe kin. By buorfrou Betty yn de croissantery wurdt
ynbrutsen. Dit is reden foar Afke, oantrune troch Trynke, om de oare nachts
wacht te hâlden. As der dy nachts twa ynslûpers komme, binne dy gau oermastere.
It is net sok frjemd folk docht bliken, want Afke har man hie foar it earst fan
syn libben in slipperke mei in djoere eskortdame op tou set, en de boetyk as
leafdesnêst keazen... allegearre aksje fansels, mar: ein goed al
goed!