Toanielselskip Fleurich Fierder
  • Home
  • Toaniel history
  • Bestjoer
  • Foto album
  • Aginda
  • Kontakt

Freddy Foxtrot

Foto
"Dansen bij Janssen,”
It stiet op de gevel fan de
 dûnsskoalle, mar der bard op it momint neat. 
Jan, de eigner en dûnslearaar 
hat de foet brutsen en dat is syn frou Ellen min nei it sin.
 It jild dûnset by har yn de bûse, mar wat der net binnen komt kin ek net útjûn wurde.

De oplossing is fluch fûn. It bêste toppear fan it
 Noarden komt om dûnsles te jaan.
Allinne ha Jan en
 Ellen beide in oar toppear útnoadige. 
It toppear fan Ellen 
ferskynt as earste op ’e dûnsflier en sy ha der nocht
 oan.

Harren hannen jokje en de teannen tintelje, want sa fanatyk 
binne dizze mannen.
Ja, mannen.
 Dat hienen jim net
 ferwachte, no? Ellen al likemin!
 Jan hat ek in toppear komme litten en 
dat binne sy. Of earlik sein, dat wienen sy fyftich jier
lyn. Want no sit alles wat fêst rustke. 
Moatte dy twa antikêrs de dûnsskoalle dan rêde?
Nettsjinsteande dat alles pipet en kreaket 
tinke se dat se sels 
noch hiel wat binne. Mar ja, as jo neist jo skuon rinne krije jo 
smoarge 
sokken!
 It is maklik dûnsjen op in oar har flier,
 mar dy beide pearen dûnsje folslein út ’e maat.
 Hoe dat
 no fierder moat en oft der oait noch wer muzyk yn dy dûnsskoalle
komt..


Aangestuurd door Maak uw eigen unieke website met aanpasbare sjablonen.