De oppoetste Opskepper
It ferhaal begjint op in, sa foar it each, gewoane troch de wykse dei yn pensjon Wytsma.
Blykber spilet der wol wat. It stuites Wytse tsjin it boarst dat der al in skoftsje in wol hiel aakliche útfanhûzer yn it pensjon sit.
It is in wiere baron, mei gâns modder oan'e kloet.
Dizze aadlike stjonkert begjint steeds mear mei it geskarrel oer alle boegen.
Pensjonhâldster Gryt en freondinne Hillie falle as fereale skoalfamkes foar syn sjarmes.
Troch de gledde praatsjes fan baron Felix komt it wiere aard by de froulju nei boppe.
"Frjemde kei slikje frjemde keallen" en dat sprekwurd giet hjir seker op!
Wytse hat ûndertusken wol troch wat der allegeare spilet en it gedrach fan Felix en de froulju makket him poer!
Tegearre mei Kees, de man fan Hillie, giet hy op in út de tomme sûge oerlibbingskamp.
Hy komt daliks werom, ferklaaid as frou Wybrich, om yn syn eigen pensjon in keamer te hieren.
As Kees dernei ek ferklaaid binnenkomt giet it mâl yn it pensjon.
Hielendal as der ek noch in wulps Poeske op it toaniel komt.
Fan ôf dat momint kinne de taskôgers it boarst mar wiet meitsje.
De manlju dogge der fan alles oan om die oppoetste opskepper fan in baron te ûntmaskerjen.
Se hâlde him fan ôf dat stuit op alle mooglik manieren yn'e gaten, want se witte, "ek in hynder mei fjouwer
poaten stroffelt wolris."
Soe it harren slagje? Komt alles yn kalk en semint. Miskien krije se help út in wol hiel ûnferwachtse hoeke? Komt it miskien fan Poeske as harren konkurrinte Tygerke??
Beppe is der ek noch, mar..... dy wurd foar gek fersliten.... as jaget sy dochs it spul yn'e bulten?
As jim witte wolle hoe as dit ôfrint sille jim dochs sels komme moatte te sjen nei dit fleurige stik fol mei kluchtige situaasjes en moaie typkes.